Priis foar Friesland College

10 nov 2006 - 13:44

De oplieding FC-XL fan it Friesland College hat de Ynnovaasjepriis Beropsûnderwiis Noard-Nederlân krigen. Neffens de sjuery is de oplieding echt fernijend en biedt er goeie kânsen foar learlingen.

De priis is opmerklik, om't der yn de ôfrûne wiken in soad te dwaan wie oer in fergelykbere oplieding fan it Friesland College op it Hearrenfean. De ynspeksje sil guon opliedings fan it kolleezje tsjin it ljocht hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)