Priis foar De Gaastmar

04 jan 2006 - 11:18

Doarpsbelang De Gaastmar hat fan de gemeente Wymbritseradiel in wikselpriis krigen. Dy priis waard tiisdei foar it earst útrikt en is bedoeld foar de meast opfallende of fernijende feriening yn Wymbrits. Doarpsbelang De Gaastmar fertsjinnet de priis, omdat it sa'n aktive feriening is.

Doarpsbelang beheart in boartersterrein en in haven, iepene koartlyn in nije webside, makke in fideo foar it doarp en keas in nije wenningboulokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)