Priis foar dûnsskoalle

27 jan 2012 - 11:45
  • Foto: Saco Velt

Dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert hat in Award wûn fan it projekt 'Mag ik deze dans van u'. De skoalle hie yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert dûnslessen foar 60-plussers opset. Foar in lyts bedrach koene minsken dan fiif lessen folgje.

Mear as 200 60-plussers hawwe hjir oan meidien. In grut part dêrfan dûnset noch hieltyd.

'Mag ik deze dans van u' is in lanlik projekt mei as doel âlderen mear bewege te litten. Troch mear te bewegen falle minsken minder en barre der minder ûngelokken. Tongersdei is de priis yn Utert útrikt. Fan de 300 projekten yn Nederlân binne allinnich dy fan Ljouwert en Kerkrade mei in priis beleane. Ambassadeur Olga Commandeur fan it projekt sil ynkoarten sels nei Ljouwert komme om by in dûnsles te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)