Priis foar Claudy Jongstra

13 jan 2014 - 20:00
  • Claudy Jongstra

Keunstner Claudy Jongstra hat dit wykein op de ynternasjonale beurs Domotex yn it Dútske Hannover in Carpet Design Award wûn. Jongstra krige de priis yn de kategory Best Studio Artist Design foar har kolleksje Shore Line.

De sjuery hie mei-inoar 329 oanmeldings út de hiele wrâld krigen. Uteinlik hawwe alve ûntwerpen in priis krigen. De Domotex is de grutste ynternasjonale beurs foar ûntwerpers fan karpetten en (wand)kleden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)