Priis foar byb en skoalle

12 sep 2007 - 22:14

De Fryske biblioteken hawwe tegearre mei it Friesland College op It Hearrenfean woansdei de Nasjonale Alfabetisearingspriis 2007 krigen. Se krije de priis foar in spesjaal projekt dêr't studinten yn meidraaie yn in biblioteek mei bygelyks it opsetten fan de berneboekewike. Ek sitte se yn in klantepanel.

Yn 'e takomst moat de gearwurking noch fierder útwreide wurde. Dêr wurdt de 7000 euro prizejild foar brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)