Priis foar bêste rallyracer

20 apr 2009 - 23:47

De ûndernimmer dy't de autorally fan Fryslân nei de Baltyske Steaten as bêste útrydt, mei in jier lang fergees in ierdgasauto brûke. De rally set op 2 maaie útein, de finisj is acht dagen letter yn Grins.

De priis is in inisjatyf fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinthe. Dy wolle sa omtinken freegje foar it autoriden op duorsume brânstof. Oer seis jier moatte yn Nederlân minimaal 100.000 auto's op miljeufreonlike brânstof ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)