Priis foar bêste mantelsoarger

21 jul 2004 - 14:36

Soarchfersekerder De Friesland hat de namme fan de soarchpriis feroare yn Els Veder-Smitspriis. It is in priis foar de bêste mantelsoarger of frijwilliger. De winner mei in bedrach fan fiiftûzen euro oan in goed doel besteegje. Der is ek in stimulearringspriis foar in frijwilligersprojekt.

Publyk kin kandidaten opjaan foar de priis dy't yn it neijier oerlange wurdt. Veder-Smit wie yn de santiger jierren steatssekretaris foar soarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)