Priis foar bedriuw Hearrenfean

12 nov 2013 - 22:37

It Fryske bedriuw 'Art Decor Randolph Algera' fan It Hearrenfean hat tiisdeitejûn twa prizen wûn by de Nationale SchildersVakprijs 2013. De priisútrikking wie yn Paleis Het Loo. Se hawwe de priis wûn yn de kategory restauraasje- en dekoraasjeschilderwerken mei harren restauraasje fan Villa Rams Woerthe yn Stienwyk. Dat is in gebou út 1899 yn Art Nouveau styl.

Art Decor Randolph Algera wûn mei dizze restauraasje sawol de earste priis yn harren kategory as de sjuerypriis. Se hawwe in byldsje, in oarkonde en 500 euro wûn.

De SchildersVakprijs bestiet sûnt 2008 en wurdt alle jierren útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)