Priis foar Asja-opfang

06 nov 2002 - 00:00

It projekt 'Asja' fan stifting Blijf van m'n Lijf hat de 'Tegen haar wil trofee' wûn. De stimulearringspriis is ornearre foar projekten dy't har dwaande hâlde mei seksueel geweld tsjin froulju. Asja heint jongfammen op dy't yn de prostitúsje bedarre binne en ûnderdûke moatte.

By de trofee heart in bedrach fan 500 euro. Doel is no om yn Ljouwert in sintrum op te setten dat de problematyk better yn byld bringe moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)