Priis foar Alle Flootman

20 feb 2014 - 14:42
  • Wethâlder Dijksterhuis mei Flootman en frou Flootman

Alle Flootman fan Damwâld is troch de gemeente Dantumadiel útroppen ta frijwilliger fan it jier. De jierlikse priis is bedoeld om frijwilligers ekstra omtinken te jaan. Flootman is ûnder oaren ien fan de oprjochters fan de Voedselbank Dantumadiel. Hy sit ek yn it bestjoer fan de tsjerkeried yn Damwâld. It is alwer foar de trettjinde kear dat de titel 'Frijwilliger fan it jier' takend wurdt yn Dantumadiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)