Priis foar Albert Bonnema

30 aug 2008 - 09:39

Tenor Albert Bonnema wol wer klassike muzykprojekten yn Fryslân dwaan. Bonnema wol ek de jeugd belûke by de projekten, want hy fynt it skande dat der gjin klassike oplieding mear is yn de provinsje. De operasjonger krige freed it Gouden Fioeltsje foar syn fertsjinsten as solosjonger.

De sjuery fan de priis seit dat hy sawol provinsjaal, nasjonaal as ynternasjonaal boppe it meanfjild útstekt. It Gouden Fioeltsje bestiet sûnt 1955 en is al 19 kear útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)