Priis eTwinning Sevenwolden

30 sep 2013 - 12:52

Mei it ynternasjonale projekt United School Bands hat OSG Sevenwolden in priis fan 500 euro wûn. De skoalband fan It Hearrenfean hat mei oare skoalbands út hiel Europa wei muzyk makke. Dat gie fia eTwinning, in ynternasjonaal online-projekt. De learlingen hawwe ûnder lieding fan in dosint oan in nûmer wurke dat troch skoalbands yn hiel Europa yn it repertoire opnommen wurdt.

In filmke fan de aktiviteiten hat der foar soarge dat Sevenwolden de priis krige. It jild giet nei ict-middels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)