Priis De Guds net mear útrikt

25 jan 2012 - 11:39

De provinsje hâldt op mei it útrikken fan de provinsjale hynstesportpriis De Guds. De Guds giet sûnt 2003 nei minsken dy't har fertsjinstlik makke hawwe foar de hynstesport. It skrassen fan de priis past yn it nije sportprizebelied fan de provinsje. Sa wurdt it sportgala de kommende fjouwer jier subsidieard mei in bedrach fan 15.000 euro. Ek giet 5.000 euro nei de ûntwikkeling en bekostiging fan provinsjale sportprizen by de Fryske Olympiade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)