Previntyf fûllearre yn Ljouwert

06 des 2004 - 11:34

De Ljouwerter plysje hat sneontenacht op 'e nij previntyf fûllearre yn de binnenstêd. De plysje hat dêrby njoggen messen en in stoelpoat yn beslach nommen. Ek waard in 20-jierrige man oanholden dy't tsien xtc-pillen en in wikkel cocaïne by him hie.

Mei-inoar binne 253 minsken fûllearre en 60 auto's en fytsen ûndersocht. Oan de aksje diene trettjin plysjeminsken mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)