Previntyf fûllearre yn Ljouwert

22 aug 2004 - 13:39

Yn Ljouwert is freedtenacht foar it earst previntyf fûllearre troch de plysje. De binnenstêd is in skoftke lyn troch boargemaster Dales beneamd ta feilichheidsrisikogebiet.

Tolve minsken hawwe yn ploechjes fan trije mei-elkoar 209 minsken kontrolearre op it besit fan wapens. Der waarden fjouwer messen en in buske pepperspray yn beslach nommen. Twa minsken binne oanholden foar mislediging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)