Previntyf fûllearjen It Fean

18 jan 2010 - 11:12

De PvdA yn Hearrenfean fynt dat de plysje yn guon gefallen previntyf fûllearje mei yn it sintrum fan It Hearrenfean. Dat jildt ûnder oare foar risikowedstriden fan SC Hearrenfean.

Mei it previntyf fûllearjen soe geweld yn it sintrum foarkaam wurde kinne. Ut sifers fan de plysje oer ferline jier docht bliken dat oanhâlden minsken yn in oantal gefallen fjoerwapens, messen en drugs by har hiene. De PvdA wol fan 'e boargemaster witte wa't hy fynt fan previntyf fûllearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)