Previntyf fûllearjen giet troch

09 feb 2005 - 10:45

De minsken dy't by de fûljearaksjes yn Ljouwert wapens by har hiene, binne hast allegear bekenden fan de plysje. Dat stiet yn de evaluaasje 'preventief fouilleren' dy't makke is fan de earste njoggen fûllearaksjes yn de binnenstêd.

Der binne sawat 2500 minsken fûlleard. Dêrby binne 97 wapens oantroffen by 85 minsken. By 20 wapens gie it om swiere gefallen, lykas hiel grutte messen, hakbilen en in fjoerwapen. Ljouwert set it previntyf fûllearen no troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)