Previnsjeprojekt foar skoalbern

12 nov 2002 - 00:00

'Loop niet mee' is de namme fan in nij projekt fan de plysje. Doel is om fandalisme, stellerij en pesten tsjin te gean. It projekt is rjochte op bern fan de basisskoalle.

As earste krige de Jenaplanskoalle De Oerstek yn Noardburgum tiisdei lesbrieven oerhandige. Bern wurde mei it materiaal bewust makke fan har gedrach mei rollespullen. Twahûndert basisskoallen ha al tasein oan it projekt mei dwaan te wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)