Preview-jûn Tryater ferskood

21 apr 2014 - 12:13
  • De IIsfoarstin fan Tryater

Toanielselskip Tryater moat de preview-jûn fan De Iisfoarstin twongen in wike ferskowe. De freone-aktiviteit stie pland foar tiisdei op it Saailân yn Ljouwert. Mar no docht bliken dat der tiisdei in grutte aktiviteit plakfynt op it Saailân. Troch miskommunikaasje wie dit net bekend by Tryater.

De freonen fan Tryater soene by in repetysje sjen en neiprate mei artistyk lieder fan Tryater en regisseur fan de IIsfoarstin Ira Judkovskaja. Mei help fan it Fries Museum binne de freonen no wolkom op 29 april.

De IIsfoarstin is in strjitopera dy't fan 13 oant 31 maaie spile wurdt yn it sintrum fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)