Prestisjeuze supermerkpriis foar AH Wassenaar yn Sint Anne

23 apr 2015 - 17:05
  • Famylje Wassenaar yn it sintsje set

Famylje Wassenaar fan de Albert Heijn yn Sint Anne hat de tredde priis wûn yn in prestisjeuze fakwedstryd. It giet om in wedstryd fan it Vakcentrum, de brânzje-organisaasje fan selsstannige supermerken. De bedriuwen dy't meidiene binne ûnder oaren beoardield op ûndernimmerskip, belutsenheid by de mienskip en duorsumens.

Der is ek sjoen nei de miening fan klanten, meiwurkers, leveransiers en mystery sjoppers. Wassenaar springt der ûnder oaren út fanwegen de enerzjybesparjende maatregels dy't it bedriuw naam hat by de nijbou fan de winkel.

Fierder kinne de bern der moai boartsje as heit en mem de boadskippen dogge. Se ha der in spesjaal hoekje, kompleet mei Ipads.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)