Prestisjeuze priis Bouwmeester

18 nov 2011 - 11:39

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is foar de twadde kear op rige winner wurden fan de prestisjeuze Conny van Rietschoten Trofee. De priis waard tongersdei útrikt oan har âlden. Marit sit op dit stuit yn Australië dêr't se har tariedt op de wrâldkampioenskippen begjin desimber.

Bouwmeester wie ôfrûne seizoen mei ôfstân de bêste sylster yn de Laser-radial klasse. Se wûn de wrâldbeker en wie ek oppermachtich by de pre-Olympyske wedstriden op it wetter fan Weymouth. Dêrtroch is se ek de grutte favoryt foar de Olympyske Spelen fan takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)