Prestaasjes Dini Holtrop op EK blomsierkeunst falle ôf

10 apr 2016 - 15:28
  • Dini Holtrop dwaande op it EK blomsierkeunst yn Italië

Dini Holtrop fan It Hearrenfean is dit wykein by it EK blomsierkeunst yn Italië 18e wurden. Dat foel wat ôf, se hie der sels mear fan ferwachte, mar it nivo wie heech en de skoares fan de 23 dielnimmende lannen leine ticht byinoar. Holtrop moast in houlikspicknick, in blomdekoraasje fan in Vespa en in oldtimer Fiat 500 houliksklear meitsje. In pear kear kaam se yn tiidneed.

Yn 2014 waard Holtrop Nederlânsk kampioen. It EK yn Italië wie har lêste ynternasjonale titelstriid. Se kin it net mear kombinearje mei de wurksumheden fan har eigen saak.

Ek al fûl it resultaat wat ôf, dochs lit Holtrop de holle net hingje: "Bloemen maken een mens gelukkig. Altijd, ook als het even tegenzit. Zonder bloemen is het leven saai en kleurloos."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)