Presintaasje wurkgroep ûnderwiis

23 sep 2004 - 10:04

De provinsje moat jierliks 1 oant 2 miljoen euro útjaan om de ûnderwiisefterstannen yn it basisûnderwiis fuort te wurkjen. Dêr pleitet in steatebrede wurkgroep foar. Dy wurkgroep presintearre woansdei de resultaten fan hast in jier oerlis mei it ûnderwiis oer de efterstannen.

Goed in jier lyn makke ûndersykster Van Ruijven dúdlik dat der flinke taal- en rekkenefterstannen binne by Fryske bern. Dêrnei is de wurkgroep oprjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)