Presintaasje Westra mei ploech

03 jan 2012 - 19:54

Lieuwe Westra is tiisdei mei syn 28 oare Vacansoleil-DCM ploechmaten presintearre yn Maastricht. De beropshurdfytser fan De Tynje begjint oan syn fjirde seizoen by Vacansoleil. Tsien hurdfytsers ferlieten de ploech, tolve nije profs kamen derby. Westra sil no earst op trainingskamp nei Spanje en rydt ein jannewaris syn earste wedstriid.

Troch syn achtste plak op it wrâldkampioenskip tiidriden fan 2011 hat Lieuwe in nominaasje foar de Olympyske Spelen. It doel is no om yn Londen oan de start te kommen. Ek it WK yn eigen lân stiet heech op syn listje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)