Presintaasje ploech Ids Postma

21 nov 2002 - 00:00

It wurdt in krusiaal seizoen foar Ids Postma. As er net goed prestearret op it EK en WK tinkt de Dearsumer deroer op te hâlden mei it reedriden. Ids Postma sei dat tongersdeitemiddei by de presintaasje fan de nije sponsor fan syn ploech, DPA.

It bedriuw wol net sizze hoe folle jild it stekt yn de ploech. Dy bestiet njonken Ids Postma út trainster Ingrid Paul en Gretha Smit. Ids Postma hat in kontrakt tekene foar ien jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)