Presintaasje nije wenwyk

12 jul 2000 - 13:33

Ljouwert hat tiisdei de foarriedige plannen foar in nije wenwyk oan 'e súdkant fan 'e stêd presintearre oan 'e kommisje Stedsûntwikkeling. De gemeente besiket mei grutte kavels yn in iepen lânskip forenzen nei de stêd te lûken.

De wenwyk wurdt realisearre tusken it Van Harinxmakanaal en de nije heak om Ljouwert. Twa opfallende ideeën: in mega-bioskoop en in nij Cambuur-stadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)