Presintaasje nijbou Bloemkamp

09 jul 2009 - 15:02

Yn Boalsert wurde takom wike de nijbouplannen by wensoarchsintrum Bloemkamp presintearre. Der wurde 25 senioare-apparteminten boud dy't njonken it soarchsintrum komme.

Se wurde ferbûn mei Bloemkamp, sadat de bewenners gebrûk meitsje kinne fan de fasiliteiten dêr. It giet dan om it restaurant, it swimbad, de kapper of spesjalistyske help. As minsken der ferlet fan ha, kinne se ek soarch krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)