Presintaasje elektryske frachtwein wurdt útsteld

01 apr 2016 - 17:12

De earste folslein elektryske frachtwein fan Nederlân dy't transportbedriuw Boonstra út Haulerwyk dizze moanne offisjeel presintearje soe, lit noch eefkes op him wachtsje. Neffens direkteur Willem Boonstra hat de produksje fan de Gina DuraTRuck trekker fan 44 ton fertraging oprûn om't de needsaaklike akku's net op tiid levere wurde kinne.

Boonstra ferwachtet dat de frachtwein, dy't yn gearwurking mei Ginaf út Veenendaal ûntwikkele is, no pas yn septimber ynset wurde kin.

Doel is dat de frachtwein troch Boonstra brûkt wurde sil foar frachtferfier yn de binnenstêd fan Grins.

Nijbou

De nijbou fan Boonstra, in útwreiding fan de bedriuwsgebouwen mei 1.250 kante meter ta hast 7.000 kante meter, rint wol neffens plan. Boonstra ferwachtet dat de nijbou, saneamde warehouses, oer trije wike oplevere wurdt.

Dizze duorsume hallen ûnderskiede har troch de hege isolaasje, ekstra swiere flierren mei flierferwaarming en led-ferljochting. Boppedat wurdt de gasferwaarming yn alle gebouwen ferfongen troch ierdwaarmte. De offisjele iepening fan dizze nijbou wol Boonstra no ek útstelle oant septimber as ek de elektryske frachtwein presintearre wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)