Presintaasje dvd 'De Overval'

20 des 2003 - 00:00

Yn it Fersetsmuseum yn Ljouwert is sneon de dvd fan de film 'De Overval' presintearre. Dêrby wiene ek de twa noch libjende dielnimmers oan de oerfal.

De film út 1962 is basearre op de oerfal op de Ljouwerter finzenis yn desimber 1944. It ferset befrijde doe in grut oantal finzenen sûnder ek mar ien skot te lossen. Op de dvd stiet ek de dokumintêre 'De kraak en de film', dy't troch Omrop Fryslân makke waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)