Prent op de bank yn Roosendaal

17 feb 2011 - 13:11

Nijeling Alexander Prent begjint freed by SC Cambuur op de bank tsjin RBC Roosendaal. De oanfaller hat in goeie wike meitraind mei de seleksje, mar de technyske stêf wol him foarsichtich bringe.

Mark de Vries en Sandor van der Heide binne wer hielendal fit, mar oft sy ek yn de basis begjinne woe trainer Alfons Arts net sizze. Reza Ghoochannejhad hat lêst fan de knibbel en trainde tongersdei net mei. Hy kin lykwols wol spylje tsjin RBC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)