Premjêre fan I.K. op Notfall

07 nov 2012 - 11:29
  • Premjêre fan I.K. op Notfall

It twadde seizoen fan I.K. giet yn premjêre op it Notfall Filmfestival yn Ljouwert. De earste ôflevering fan de jongereinsoap fan Omrop Fryslân is snein 11 novimber te sjen.

Yn de twadde rige fan de searje sitte in tal nije akteurs. De rige fan seis dielen spilet him ôf op it wetter yn Fryslân. Yn maaie wie it earste seizoen fan I.K. te sjen op Omrop Fryslân. Seizoen twa wurdt yn novimber útstjoerd op skoaltelevyzje en op Tsjek.nl. Yn 2013 is I.K. hielendal te sjen by Omrop Fryslân. De searje is foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

It Notfall festival is 9, 10 en 11 novimber yn it gebou fan de PTT yn Ljouwert. Der binne mear as 100 films te sjen yn sâ sealen. Der is ek in râneprogrammearing mei lêzingen, preken, interviews en in dvd-ruilbeurs. It programma is te finen op www.notfall.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)