Preemje Friesland nei 95,90

09 nov 2009 - 10:59
  • It haadkantoar fan De Friesland yn Ljouwert

Soarchfersekerder De Friesland ferheget de preemje fan 'e basisfersekering yn 2010 nei 95,90 euro de moanne. Dat is seis euro mear as dit jier betelle wurde moast.

Neffens De Friesland is de ferheging nedich omdat minsken hieltyd mear syktekosten krije. Dat komt ûnder oare omdat it tal âlderen tanimt en omdat minsken hieltyd faker groanyske sykten lykas diabetes krije. Neffens De Friesland sille de fersekeringskosten de kommende jierren fierder tanimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)