Preemje foar finen fan in baan

01 nov 2004 - 16:28

Minsken dy't nei in lang skoft oan wurk slagje, moatte in preemje krije, fynt de PvdA yn Opsterlân. Dat moat ek jilde foar handikapten en allinnichsteande âlders. De preemje kin oprinne oant in twatûzen euro jiers. De Wet Wurk en Bijstân dy't okkerdeis troch de Twadde Keamer oannommen is, jout dêr romte ta.

Foar de preemje moatte minsken harren wol ekstra ynspanne troch bygelyks in kursus te folgjen. It foarstel moat noch yn 'e ried behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)