Preemje De Friesland giet mei 4 euro omheech

18 nov 2014 - 08:46

Soarchfersekerder De Friesland hat de preemje foar de basisfersekering fêststeld op 101,95 euro yn de moanne. Dit is 4 euro yn de moanne heger as no. De Friesland hâldt de ferheging beheind troch 36 miljoen euro fan de eigen reserves yn te setten.

Wichtichste reden fan de ferheging is neffens De Friesland dat de langduorjende soarch oerhevele wurdt fan de Algemiene Wet Bysûndere Syktekosten nei de Soarchfersekeringswet. Dêrmei wurde soarchfersekerders fan 1 jannewaris 2015 ôf ferantwurdlik foar de ferpleging en fersoarging fan minsken thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)