Preamfarre faak gefaarlik

06 mrt 2006 - 11:21

De Feriening fan Fryske Rûnfeartûndernimmers, FRO, warskôget foar gefaarlike situaasjes by it farren mei preammen. Wa't simmerdeis op it wetter is, komt wol gauris in pream fol mei minsken tsjin. It farren mei âlde skippen is de lêste jierren dan ek tige populêr wurden.

Mar de skippers komme yn de praktyk faak ûnfeilige situaasjes tsjin. It giet sawol om de útrêsting fan de skippen as it farren op te grut wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)