Pratende bewakingskamera

27 mrt 2008 - 17:45

It sintrum fan Ljouwert krijt in pratende bewakingskamera. De kamera hat in lûdsprekker dy't op ôfstân betsjinne wurde kin troch in plysje. Dy kin minsken tasprekke, at se har net oan de regels hâlde.

It soe foar it earst wêze dat dit yn Nederlân gebeurt yn de iepenbiere romte. Op ôfsletten terreinen wurde sprekkende kamera's al wol brûkt. In proef yn Ingelân hat útwiisd dat it systeem wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)