'Praten giet geweld tsjin'

05 maaie 2004 - 00:00

De driging fan terrorisme falt yn it neat by dy fan de Twadde Wrâldoarloch en it fassisme en kommunisme yn de foarige ieu. Dat sei Judith Belifante by de 4 maaie-betinking yn Frjentsjer.

De eardere foarsitter fan it nasjonaal komitee 4 en 5 maaie wie útnoege troch de gemeente. Har konklúzje yn de lêzing wie dat allinnich mei praten geweld tsjin te gean is en net mei mear geweld. Frou Belinfante wie oant foar twa jier werom Twadde-Keamerlid foar de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)