Prate oer Westergosône

19 feb 2003 - 00:00

De Westergosône is skrast yn in diskusjestik fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De gemeente Ljouwert is dêr net fan ûnder de yndruk. Neffens wethâlder Brok steane der wol mear flaters yn it stik. Hy sil der mei de steatssekretaris oer prate. It gebiet fan Harns oant Ljouwert is te belangryk om skrast te wurden.

De Steatefraksje fan it CDA is benaud en wol dat it gearwurkingsferbân Noard- Nederlân (SNN) yn aksje komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)