Prate oer Waadsee mei kommisje

05 sep 2006 - 09:59

Der moat noch foar oktober fan dit jier dúdlikens komme oer de takomst fan de Waadsee. Dat hat de fêste keamerkommisje fan folkshúsfesting, romtelike oardening en miljeu moandei sein yn Harns.

De keamerkommisje wie yn Fryslân om te praten mei tal fan noardelike organisaasjes oer de saneamde tredde nota Waadsee. Yn dizze nota wurdt foar de kommende tsien jier fêstlein wat wol en wat net mei yn it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)