Prate oer takomst VVD

01 jun 2006 - 11:24

De provinsjale VVD-foarsitters prate tongersdei mei it lanlik bestjoer oer de takomst. De partij hat woansdei yn Mark Rutte de nije listlûker keazen. It wie foar it earst dat de VVD de leden frege om sels in nije oanfierder te kiezen.

Yn de ferkiezingsstriid waarden hurde wurden sein. Fryske VVD'ers Dales en Nijpels hiene krityk op kandidate Rita Verdonk. De Fryske VVD-top is bliid mei de ferkiezing fan Rutte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)