Prate oer takomst Dongeradiel

20 jul 2006 - 09:23

De gemeenteried fan Dongeradiel praat ynkoarten oer de takomst fan de gemeente. B&W fine dat needsaaklik, om de gemeentlike begrutting op oarder te krijen. Earder like it derop dat Dongeradiel bot besunigje moast, mar letter kaam it Ryk mei ekstra jild.

Dochs is it nedich om ris kritysk te sjen nei wat de gemeente allegear docht en útjout, fine boargemaster en wethâlders. De gemeente hat mear taken krigen en dat kostet ek mear jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)