Prate oer sûn en feilich iten

21 okt 2014 - 15:37
  • Yn it Post Plaza waard útlis jûn oer feilige, duorsume produkten

Op ferskate plakken yn Ljouwert sil fan tiisdei ôf trije dagen lang oandacht jûn wurde oan feilich en duorsum iten. De saneamde Autumnskoalle 2014 jout útlis oer feilige produkten dy't duorsum produsearre binne.

De earste byienkomst wie tiisdei yn Post Plaza, dêr't de oanwêzigen ynformaasje krigen oer in duorsume foarsjenning fan iten yn Noard-Nederlân. Woansdei wurdt der praat oer de relaasje tusken sûn iten en sportprestaasjes. De lêste dei stiet yn it ramt fan it tema smaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)