Prate oer skeel EVT en Doeksen

19 maaie 2013 - 13:48

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma moat yn petear mei de rederijen Doeken en EVT oer it tal feartsjinsten fan en nei Skylge. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij wurde de bewenners fan Skylge de dupe fan it skeel tusken de beide rederijen. Friese Koers fynt dat de provinsje yn aksje komme moat.

Doeksen hat oankundige mei yngong fan 1 oktober flink te skrassen yn de wintertsjinstregeling. Foar Friese Koers is dat ûnakseptabel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)