Prate oer nije Thialfplannen

13 apr 2010 - 15:52
  • Wêr moat it nije Thialf komme en hoe moat it der út sjen?

Ynwenners en ûndernimmers fan It Hearrenfean krije tiisdeitejûn ynformaasje oer de plannen foar in nij Thialf. Gemeente en provinsje hâlde trije jûnen oer de trije plannen dy't der lizze foar in nij Thialf, De earste jûn giet it om ynformaasje.

Ein april is der in diskusjejûn en ein maaie is de slotjûn. Dan sille der konklúzjes lutsen wurde en oanbefellings opsteld wurde. Hooplik is der ein 2010 dúdlikens oer it plak en de foarm fan it nije iisstadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)