Prate oer leech kezinefabryk

27 aug 2013 - 10:24
  • It lege kezinefabryk op De Gordyk

Hokfoar ynfolling moat it lege fabryk fan De Vries Kozijnen op De Gordyk krije? Tiisdeitejûn wurde bewenners bypraat oer de plannen dy't in groep frijwilligers ûnder de namme R-Denkers betocht hat. Sûnt de lêste wurkdei fan febrewaris stiet it fabryk leech en dat is skande, fine de R-denkers.

Se tinke ûnder oare oan in toeristyske ynfolling of oan in projekt op it mêd fan duorsumens. Neffens de inisjatyfnimmers is der in soad belangstelling foar de ynformaasjejûn oer it lege fabryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)