Prate oer homoseksualiteit

18 maaie 2009 - 21:57
  • Soarchynstellings moatte mear omtinken oan homoseksualiteit jaan

Personiel fan Fryske soarchynstellings is faak net goed op 'e hichte mei wat homoseksualiteit krekt ynhâldt. By de opliedings wurdt hjir te min omtinken oan jûn. Dêrom dogge soarchynstellings der goed oan mei personiel oer it tema homoseksualiteit te praten.

Dat is ien fan de advizen út in ûndersyk fan homobelange-organisaasje COC Fryslân en Welzijn Leeuwarden nei homoseksualiteit yn Fryske soarchynstellings. Der hawwe sa'n 13 ynstellings oan it ûndersyk meidien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)