Pranjic trije wike útskeakele

31 okt 2008 - 09:04

SC Hearrenfean middenfjilder Danijel Pranjic is trije wike út de rûlaasje. De Kroaat blessearre him ôfrûne woansdei yn de thúswedstriid tsjin Vitesse.

Yn earste ynstânsje waard der tocht oan in hamstringblessuere, mar nei ûndersyk yn it sikehûs die bliken dat it 'mar' om in ferrekking giet. Pranjic mist no de kompetysjewedstriden tsjin AZ, ADO Den Haag, Utrecht en FC Twente en it Uefa Cup duel tsjin Wolfsburg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)