Pranjic tichtby Liverpool

10 maaie 2009 - 16:31
  • Danijel Pranjic (foto: Martin de Jong)

FC Liverpool en Sportklup Hearrenfean binne yn petear oer in transfer fan Danijel Pranjic nei de Ingelske ploech. Dat meldt de krante de Daily Mirror. Pranjic syn saakwaarnimmer Sören Lerby is ûnderweis nei Liverpool om te praten oer de oerienkomst. It transferbedrach soe om de njoggen miljoen euro hinne lizze.

Pranjic is dit seizoen topskoarer by Hearrenfean mei 16 goals. De Kroaat hat earder al oanjûn om te sjen nei in oare klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)