Praktyske stipe kin minsken helpe dy't yn earmoede libje

01 mrt 2016 - 11:19

In rydbewiis dat je krije fan de gemeente sadat je wer oan it wurk kinne. Of in keunstgebit dat betelle wurdt sadat hege toskedokterskosten foarkaam wurde kinne. Neffens Liesbeth Wiersma fan it earmoedebelied fan de gemeente Ljouwert wurket dit. De gemeente hat wykteams oansteld dy't mei de ynwenners besjogge hokker help nedich is.

Op meardere plakken yn it lân wurdt op dizze wize mei help eksperimintearre, ûnder oare yn Zaandstad en Utrecht. Minsken moatte de kosten werombetelje as se wer oan it wurk binne.

Der kin ek tocht wurde oan de fergoeding foar in laptop of dat in skuld net werombetelle hoecht te wurden.

Der is gjin dúdlike regeljouwing as it giet om dizze praktyske help. Der is dan ek gjin fêst budzjet foar. De wykteams besjogge wa't help nedich hat en hoefolle jild sy dan krije kinne. ''It kin dus sa wêze dat jo wol wat krije, mar de buorman net. Dêrtroch docht bliken dat de wykteams it somtiden ek wol lêstich fine om te bepalen wa't wat krijt en wa net'', sa seit Wiersma.

Op dit stuit is de gemeente mei in proef dwaande om tweintich gesinnen te stypjen en goed te besjen wat der nedich is om alles wer finansjeel op de rit te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)