Prager yn Eastenrykse seleksje

28 apr 2006 - 16:26

Thomas Prager is selektearre foar de nasjonale seleksje fan Eastenryk. De 20-jierrige middenfjilder fan SC Heerenveen spile oant no ta foar jeugdteams fan Eastenryk. Prager spilet al fjouwer jier foar de Fryske klub. De lêste trije wedstriden stie er yn de basis.

Eastenryk spilet 23 maaie in oefenynterlân tsjin Kroatië. Yn 2008 binne de Europeeske Kampioenskippen yn Eastenryk en Switserlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)